NIJS   17-05-2020


Smellingerlân yn swier waar?

Smellingerlân is te faak yn it nijs. Tink oan de problemen mei de Lawei en de Drachtster Feart, mar ek oan de strubbelingen yn de gemeentepolityk. Fjouwer wethâlders dy't yn goed twa jier opstapt binne. Ton Baas dy't mei in rapport kaam oer wantrouwen yn ried en kolleezje. It hat gjin doel om dêr fierder wat oer te sizzen oars dan dat wat der yn it rapport stie fan Ton Baas in opsomming is fan wat partijen mei him dield hawwe. It byld fan Ton Baas is net foar elkenien werkenber. Ik werken my net yn de ried dan dy't Baas beskriuwt.

It is net allinnich kommer en kwel. De wize wêrop it kolleezje der yn slagge is om it mar by Aldegea foarm te jaan (yn gearwurking mei it doarp, de provinsje en it wetterksip) is in foarbyldproject fan hoe oft in gemeente projekten yn de mande mei bewenners foarm jaan kin. Dat is yn de ried ek sa beneamd, mar dat bliuwt net hingjen. En sa binne der wol mear saken dy't goed op rit setten binne. Wêr't elkenien no op hingjen bliuwt, binne de strubbelingen dy't der binne en west ha.

Der is grutte ienriedichheid yn de gemeenteried oer de rol dy't it gemeentebestjoer yn de Corona-krisis ha moat. Op dat mêd wurdt der goed gearwurke tusken gemeenteried en kolleezje. Dat er de ôfrûne twa jier saken misgongen binne, hat foar in grut part te krijen mei ûnhandichheid yn kombinaasje mei hjir en dêr wat lange teannen. Dêr moatte wy no net mear te lang by stean bliuwe, hoe spitich it ek allegarre is. Wy moatte foarútsjen en de goeie dingen dwaan. De ried en kolleezje hawwe elk harren eigen rol. It kolleezje sil akseptearje moatte dat de ried it net altiten iens is saken dy't it kolleezje graach wol en oarsom. 

De ried moat net meer min ûnderboude ad-hoc moasjes en amendeminten oannimme om dêrmei it kolleezje mei ûnmooglike opdrachten op te seadeljen. Wy moatte nei in mear saaklik bestjoer (en dat wurdt no op priemmen setten). En dan moatte je akseptearje dat der foar de ferkate saken dy't regele wurde moatte (ûnder oaren de lokaasje fan it swimbad, fleanfjild ensafh) wikseljende mearderheden yn de ried wêze sille. As meiinoar dy iepen ynstek keazen wurdt, kinne der de kommende twa jier noch moaie dingen barre yn Smellingerlân. Oan ús sil it net lizze.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer